BEWARRE en REQUIEM TA TREAST BEWARRE en REQUIEM TA TREAST
Op 22 maart 2025 wurdt Abma syn lêste dichtbondel presintearre ûnder de titel Bewarre. Abma seach it as in ferfolch op de bondel Ferbûn en sjoen, mimeringen oer myn leauwe en libben (2018). Hy hie it manuskript fan Bewarre krekt foar syn ferstjerren klear. Hy hie dêrby de help fan syn frou Froukje Geertsma en dichter Syds Wiersma. Yn de bondel, dy’t by Utjouwerij Wijdemeer ferskynt, beskriuwt Abma hoe’t er him op lettere leeftyd ‘bewarre’ field hat: ‘Myn poëzij is bekentenisliteratuer. Earliker as yn dizze bondel kin ik it net sizze. Foar my is de sirkel rûn. Dit is myn lêste bondel.’

By de presintaasje op 22 maart yn de Mennistetsjerke oan de Wurdumerdyk yn Ljouwert sille inkele fersen fan Abma foardroegen wurde. Freon Philippus Breuker sil Abma syn literêre wurk koart ynliede. Nei it skoft is der in premjêre. In part fan Requiem ta treast sil ûnder lieding fan komponist Marcus Veenstra útfierd wurde. Yn 1995 waard Marcus Veenstra tsjerkemusikus yn De Schakel yn Camminghaburen. Tegearre mei Willem Abma makke hy in oantal lieten, dêr’t God gedachte gefoel en it Liet fan treast (by de sluting fan in tsjerke) de meast ferneamde fan binne. Ut dizze gearwurking ûntstie it idee foar it Requiem ta treast. De teksten fan Abma binne troch Veenstra op muzyk set. Hy hat it gelegenheidskoar Stim gearstald mei njoggen betûfte sangers en sil harren ek op piano begeliede.

Datum: 22 maart 2025
Tiid: 15.00 - 17.00 oere; ynrin fan 14.30 oere ôf
Plak: Mennistetsjerke, Wurdumerdyk 18, Ljouwert
Tagong: fergees
terug